Wylde wielde

Romte, frijheid, natoer, tún, genealogy, foto's, wol.

Hinke
wouwes@gmail.com

Net weer terug van een paar dagen #GroeneHart, ook daar hebben we mooi uitzicht.

Krekt wer werom fan in pear dagen ‘Groene Hart’, ek dêr ha wy moai útsicht.



De tún yn haakte ‘blokjes’ en sa der yn july yn’t echt wie.

De tuin in gehaakte ‘blokjes’ en hoe hij in juli in het echt was.

#Tsjûkemar, #Tjeukemeer.

Sneon is wer de jierlikse pompoenmerk yn Ousterhaule, de opbringst fan de merk giet nei it KWF. Dit jier stean ik der net sels mei myn breiwurk en spinwiele, ik hie gjin tiid om genôch foarrie te meitsjen. Ik ha hjoed wol in pear dingen brocht sadat se dat miskien sels ferkeapje kinne of brûke foar de ferlotting. De plaid en it kessen, dêr hie ik twa fan, binne nij. De kleantsjes fan de poppe ek, de poppe sels is in ‘twadde kâns’ poppe:-)

Zaterdag is in Ouwsterhaule weer de jaarlijkse pompoenmarkt, de opbrengst van de markt gaat naar het KWF. Dit jaar sta ik niet zelf op de markt met mijn breisels en spinnewiel, ik had geen tijd om genoeg voorraad te maken. Ik heb vandaag wel een aantal dingen gebracht die ze misschien kunnen verkopen of voor de verloting gebruiken. De plaid en het kussen, daar had ik twee van, zijn nieuw. De kleertjes van de pop ook maar de pop zelf is een ‘tweede kans’ pop:-) 

Om’t ik ôfrûne wike yn de karavan wie en dêr net handich foto’s op tumblr. pleatse kin, hjirby noch wat foto’s fan @Tsjerkepaad fan ferline wike. En witte jim wol dat der op in protte hiel âlde tsjerkedoarren faaks as slotplaat in hert sit. Ik ha al in aardige samling. It hert dizze foto is fan de tsjerke fan Winaam.

Omdat ik afgelopen week in de caravan was en daar niet zo gemakkelijk foto’s kan plaatsen op tumblr. hierbij nog wat foto’s van ‘kerkenpad’ van vorige week. En weten jullie wel dat er op veel deuren van oude kerken slotplaten zitten in de vorm van een hart? Ik heb al een hele verzameling. Het hart op deze foto is van de kerk van Wijnaldum.

Ofrûne sneon wer mei freonen ‘op’ @Tsjerkepaad west. Net allinne moaie tsjerken sjoen mar wy troffen it ek mei it waar, droech en in protte sinne. Foar dizze simmer de lêste kear foar ús wat de tsjerken oanbelanget. In protte tsjerken binne de twa kommende sneonen noch iepen. Sjoch: TsjerkepaadAfgelopen zaterdag weer met vrienden ‘op kerkenpad’ geweest. We hebben niet alleen mooie kerken gezien maar het was ook mooi weer, droog en veel zon. Voor deze zomer was het voor ons de laatste keer wat de kerken betreft. Veel kerken zijn de komende twee zaterdagen nog open.

Ofrûne sneon wer mei freonen ‘op’ @Tsjerkepaad west. Net allinne moaie tsjerken sjoen mar wy troffen it ek mei it waar, droech en in protte sinne. Foar dizze simmer de lêste kear foar ús wat de tsjerken oanbelanget. In protte tsjerken binne de twa kommende sneonen noch iepen. Sjoch: Tsjerkepaad

Afgelopen zaterdag weer met vrienden ‘op kerkenpad’ geweest. We hebben niet alleen mooie kerken gezien maar het was ook mooi weer, droog en veel zon. Voor deze zomer was het voor ons de laatste keer wat de kerken betreft. Veel kerken zijn de komende twee zaterdagen nog open.

Krekt wer thús fan in wike karavan, Remie hat drok oan it wurk west. De binnenkant fan de serre is er oan it isolearjen en betimmerjen. It wurdt moai. Wat moai is thús, hjir kinne wy de buien sa moai oankommen sjen oer de mar of it lân. Om tolve oer hinne like it wer driigjend. Ik ha in pear foto’s makke en seach letter dat der in sweltsje by op stiet dy besiket syn nêst te berikken wat boppe it sliepkeamersrút sit. En op de (80km) dyk rydt in hurdfytser, wêrom? It fytspaad leit der neist….

Net weer thuis van een week caravan. Remie is daar druk aan het werk geweest. De binnenkant van de serre is hij aan het isoleren en betimmeren, het wordt mooi. Wat thuis mooi is, hier kunnen we de buien zo mooi aan zien komen, over het meer of over land. Rond twaalf uur was er weer een dreigende lucht. Ik heb een paar foto’s gemaakt en zag later dat er een zwaluw bij op staat die probeert zijn nest te bereiken wat boven het raam van de slaapkamer zit. En op de (80km) weg rijdt een racefietser, waarom? Het fietspad ligt er naast……

Hjoed binne wy nei it  Vlechtmuseum yn Noardwâlde west. Dêr is noch oant en mei 14 septimber ek in ûnderdiel fan de eksposysje fan Frysk Design te sjen. Earder ha’k al yn Ljouwert, Frjentsjer en de Jouwer west. Moai guod ek yn Noardwâlde en dan te betinken dat ik yn de jierren 70 in stoel dêr wei hân ha. Spitich dat dy al lang wer fuort is mar sa giet dat faaks, wat in skoft moai en modern is, is op in stuit wer út de moade of fersliten en dan komt der wer wat oars foar yn it plak.

Vandaag zijn we naar het Vlechtmuseum in Noordwolde geweest. Daar is nog tot en met 14 september ook een onderdeel van de expositie Fries Design te zien. Eerder was ik al in Leeuwarden, Franeker en Joure. Mooi ook de verschillende dingen in Noordwolde en dan te bedenken dat ik in de jaren 70 een stoel uit Noordwolde heb gehad. Jammer dat ik die al lang geleden weer weg heb gedaan. Maar zo gaat dat vaak, wat mooi en moderns is, is op een gegeven moment weer uit de mode of versleten en dan komt er weer iets anders voor in de plaats.

Wy binne wer thús nei in goed wike yn ús steancaravan west te hawwen. Dochs wol noflik, je gean fuort mar as je wolle kin je der ek sa wer hinne, samar wer efkes fakânsje hâlde. Mat earst mar wer efkes thús sjen en wat dingen regelje. Wy ha in protte fytst mar binne ek nei it Motimuseum yn Breda west, hiel bysûnder. Ik hâld fan dat moderne, abstrakte wurk. Der hingje net gewoan skilderijen oan de muorre mar inkelde muorren binne gewoan hielendal skilderij.

We zijn weer thuis na een weekje vakantie in onze stacaravan. Toch wel handig, we gaan weg maar als we willen kunnen we er zo weer naar toe en opnieuw vakantie houden. Maar eerst maar weer even thuis een aantal dingen regelen. We hebben veel gefietst maar zijn ook naar het Motimuseum in Breda geweest, heel bijzonder. Ik houd van dat moderne abstracte werk. Er hangen niet gewoon schilderijen aan de muur maar sommige muren zijn schilderijen. 

@GroeneHart

Ofrûne wike bin ik wer mei Remie mei west nei de karavan. Wy soene dit wykein ús fakânsje dêr begjinne mar fanwege de hitte binne wy juster nei hûs gien. Hjir thús by de mar is it dochs better út te hâlden as yn in hjitte karavan. Wy wenje yn in toeristysk gebied, wêr’t elts jier in protte toeristen komme, dus dan earst mar thús wat fakânsje hâlde. Op de foto’s de Kromme Mijdrecht, in rivierke wat efter it karavan-park lâns rint.

Afgelopen week ben ik weer met Remie mee geweest naar de caravan. Wij waren van plan om dit weekend onze vakantie daar te beginnen maar vanwege de hitte zijn we gister weer naar huis gegaan. Thuis, aan de rand van het meer is het toch prettiger dan in een hete caravan. We wonen in een toeristisch gebied waar jaarlijks vele toeristen komen dus dan eerst thuis maar wat vakantie vieren. Op de foto’s de Kromme Mijdrecht, een riviertje wat achter het caravanpark langs loopt.